


Wat is Fyftjin en Fierder?
Fyftjin en fierder is in keunstwurk fan de hân fan Pieter Jan Stallen. It sketsûntwerp sjogge jo hjir boppe. It wurk giet oer histoarje én takomst fan de Alvestêdetocht, mei klam oer allebeide! Fyftjin en Fierder symbolisearet ‘ferline en langstme’.Dêrmei is it in prachtige oanfolling op de twa oare ikoanyske wurken lâns de rûte:
• De tegeltsjesbrêge by Gytsjerk dêr’t it ‘folkskarakter’ fan de tocht mei symboalisearre wurdt
• De earebôge op de Bonkefeart dêr’t ‘de enoarme prestaasje’ fan de tocht mei symboalisearre wurdt
Foar de keunstner moat Fyftjin en Fierder dan ek healwei de rûte komme te stean. Mei as moaiste plak dêr: Tsjerkwert.
• De tegeltsjesbrêge by Gytsjerk dêr’t it ‘folkskarakter’ fan de tocht mei symboalisearre wurdt
• De earebôge op de Bonkefeart dêr’t ‘de enoarme prestaasje’ fan de tocht mei symboalisearre wurdt
Foar de keunstner moat Fyftjin en Fierder dan ek healwei de rûte komme te stean. Mei as moaiste plak dêr: Tsjerkwert.
Om it geweldige ferline – de 15 tochten uit de vorige eeuw – te verbeelden, heeft de kunstenaar gekozen voor silhouetten in stoer cortenstaal: 1 schaatser en 14 toeschouwers. Voor het silhouet van de schaatser is voor de tocht van 1986 gekozen want dat was een wel héél uitzonderlijk jaar: W.A. van Burenuze doedestiidske prins, ried mei! De langstme wurdt útbylde troch it silhûet fan in lyts famke dat op de skouders fan har heit yn de rjochting fan Parregea sjocht nei wat der komt, de takomst….
Oan alle 6e groepers út Súdwest- Fryslân sil frege wurde mei inkelde Fryske wurden sjen te litten wat der yn dat famke boppe op dy skouders omgiet. Wat spilet der troch har holle. It ûnder wurden bringen dat dêrnei dan troch de sjuery fan de 6e groepers op de basisskoalle de Reinbôge fan Tsjerkwert it moaist en sterkst fûn wurdt, wurdt troch de keunstner yn de grûnplaat fan it silhûet ferivige.
En dan is der noch in útbyldzjen fan it Fierder, fan de takomst. Op de flier fan de silhûette-groep op de westwâl sil mei klam plak frij hâlden wurde foar in taskôger by de sechstjinde Alverstêdetocht en foar noch in 17e…
Moat it der komme?

